Springe nei ynhâld

Carl Offterdinger

Ut Wikipedy
Portret fan Offterdinger op syn grêfstien op it Fangelsbachfriedhof yn Stuttgart

Carl Offterdinger (Stuttgart, 8 jannewaris 1829 – dêre, 12 jannewaris 1889) wie in Dútske figuere- en sjenreskilder en yllustrator.

Yllustraasjes fan boeken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Offterdinger wie in learling fan Heinrich von Rustige; hy yllustrearre yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw tal fan berne- en jongereinboeken, mearkes, aventoereromans en plaatsjeboeken.

Offterdinger is benammen bekend om syn skilderijen fan mearkesênes en syn yllustraasjes fan literêre wurken lykas Nussknacker und Mausekönig fan E.T.A. Hoffmann, Till Eulenspiegel, Robinson Crusoe, en Gulliver's Travels. Yn 1874 yllustrearre er de earste edysje fan Theodor Storm syn novelle Pole Poppenspäler yn it tydskrift Deutsche Jugend.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: