Springe nei ynhâld

Clant

Ut Wikipedy
Wapen fan de famylje Clant (rjochts), as gipsôfjitsel ynbêde yn de apsis fan de tsjerke fan Usquert

Clant is de namme fan in famylje fan haadlingen en lânadel út East-Fryslân en de Ommelannen, dy't in wichtige rol spile yn de skiednis fan de Nederlânske provinsje Grinslân.

De famylje is nau besibbe oan ferskate aadlike famyljes en lânhearlike famyljes yn Grinslân, lykas de famyljes Addinga, Coenders, Lewe, de Mepsche, Manninga, Rengers, Ripperda, Sickinghe en Wichers.

De namme Clant is ôfkomstich út de Ommelannen. De famylje Clant wurdt foar it earst neamd yn de fjirtjinde ieu; de âldst bekende stamheit is Hendrik Clant (troud mei Anna Polman).

Leden fan de famylje spilen in wichtige rol yn de skiednis fan Grinslân. Ferskate leden wiene boargemaster fan de stêd Grins, lid fan de Steaten fan de provinsje Stêd en Ommelannen en lid fan de Steaten-Generaal. Yn 1648 wie Adriaan Clant tot Stedum ôffurdige fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen by de ûnderhannelings foar de Frede fan Münster.

De bekendste fersterke lânhuzen (boargen) dêr't famyljeleden wennen, wiene de Hanckemaboarch, Menkemaboarch, Nittersum en Tammingahuzen.

It laach stoar yn 1833 út mei it ferstjerren fan Jozina Edzardina Jacoba Clant van Hankema.

Opmerklike neikommelingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: