Springe nei ynhâld

Dinxperlo

Ut Wikipedy
Dinxperlo
Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke
Symboalen
Bestjoer
Lân Nederlân
ProvinsjeGelderlân
GemeenteAalten
Sifers
Ynwennertal7.091 (2026)[1]
Oerflak4,46 km²
Befolkingsticht.1589 ynw./km²
Hichte16 m
Oar
Stifting13e iuw
Postkoade7090–7091
Netnûmer0315
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
www.aalten.nl
Kaart
Dinxperlo (Gelderlân)
Dinxperlo
Dinxperlo yn Gelderlân

Dinxperlo (Nedersaksysk: Dinsper of Dinxper) is in plak yn 'e Gelderske gemeente Aalten yn 'e Achterhoek.

Dinxperlo leit fuort op 'e grins mei Dútslân en foarmet mei it Dútske Suderwick ien beboude kom. De grins rint dwers troch it doarp en folget foar in grut part de Heelweg (Nederlânske kant) of Hellweg (Dútske kant). Opfallend is dat de strjitwei oant de oare kant Nederlânsk grûngebiet is, mar dat de romtlike ynrjochting, lykas de styl fan 'e huzen en de lantearnepeallen, fuortendaliks it ferskil tusken de beide lannen sjen litte.

Nederlânske dûaneamtner dy't ynfierrjochten rekkenet foar it meinimmen fan medisinen út Dútslân.

Foar de Schengen-ferdraggen wiene der twa grinsposten, al wie dy grins útsein yn 'e Twadde Wrâldoarloch altyd frijwat poreus. Sa wie der yn it begjin fan 'e 20e iuw soargen oer de smelle Dútske kant fan 'e wei, om't fuotgongers mei guod samar per ûngelok op Nederlânsk grûngebiet belânje koene.

Njonken Nederlânsk en Dútsk wurdt oan beide kanten fan 'e streek it Nedersaksysk dialekt praat.

Bewesten it doarp wurdt de grins foarme troch de rivier de Aa-strang, ek wol de Bocholter Aa.

De namme Dinxperlo komt nei alle gedachten fan „dingspel“ (ding) en „loo“ (bosk). Fanâlds soe der yn dat bosk rjochtsprutsen wêze. Hjir ferwiist ek it wapen mei Frouwe Justitia fan 'e eardere gemeente Dinxperlo nei. De namme fan it oangrinzgjende Suderwick ferwiist mooglik nei in tinbefolke wykje besuden Dinxperlo. Suderwick ûntstie yn 'e 13e iuw as in útwreiding fan Dinxperlo.

Tusken 500 en 800 nei Kristus teagen boeren nei de heger lizzende sânrêgen yn Dinxperlo en Suderwick. De omjouwing wie doe ryk oan bosken en sompen. Dwers troch dy lânkrite rûn fanâlds in hannelswei, de tsjintwurdige Heelweg/Hellweg. Yn Suderwick stie oan 'e Aa-strang it statige lângoed "Huis te Rodespijker", dat al foar 1558 op histoaryske kaarten yntekene stie. Oer de skiednis dêrfan is mar in bytsje bekend.

Oant de gemeentlike herfoarmings fan 1811 foel Dinxperlo bestjoerlik ûnder de hearlikheid Bredevoort. Dinxperlo wie dêrnei oant 1 jannewaris 2005 in selsstannige gemeente. Op dy datum waarden Dinxperlo en Aalten gearfoege.

Yn 'e jierren foar de Twadde Wrâldkriich wie Dinxperlo in taflechtsoarde foar Joaden út Dútslân. Dat wie mei te tankjen oan boargemaster Hendrik Jan Verbeek. By de befrijing yn 1945 wie Dinxperlo in wichtige trochfierrûte foar de Alliearden rjochting it noarden. Dagenlang riden der tanks oer de twa brêgen oer de Aa-strang. Tusken 1939 en 1949 wiene de ynwenners fan 'e grinsdoarpen Dinxperlo en Suderwick fan inoar skieden troch in stek mei stikeltried. Dat wie in swiere lêst foar de minsken dy't dêr wennen. Ek de tiid dat Suderwick-West fan 1949 oant 1963 ûnder Nederlânsk bestjoer stie en by Dinxperlo hearde, wie net maklik.

Yn 'e earste helte fan 'e 20e iuw wie Dinxperlo op it spoar oansletten oer it trajekt Varsseveld-Dinxperlo.

It moetingsplak fan it wensoarchsintrum oer de grinswei.

Sûnt 1999 hawwe Dinxperlo en Suderwick in mienskiplik Nederlânsk-Dútsk plysjebureau. Ek oare foarsjennings binne mienskiplik. De ynwenners fan Dinxperlo brûke Dútsk drinkwetter, wylst Suderwick oansletten is op it Nederlânske rioel. Pjutten út Suderwick geane nei de Nederlânske basisskoalle.

Oan 'e Heelweg/Hellweg is in wensoarchsintrum realisearre dat bestiet út in ferpleechhûs yn Nederlân en in wenkompleks yn Dútslân, dy't mei inoar ferbûn binne troch in moetingsplak dat as in brêge oer de grinsstrjitte boud is.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
'De Rietstap'
  • De protestantske Sint-Liboriustsjerke is in 16e-iuwsk goatysk tsjerkegebou.
  • Westlik fan Dinxperlo stiet oan 'e Menisstraat De Rietstap, it lytste tsjerkje fan Nederlân. It wie it roomske tsjerke fan it eardere buorskip Het Beggelder. Hjoed-de-dei is it buorskip ûnderdiel fan it yndustryterrein.
  • It Grenslandmuseum is yn in histoarysk gebou út de 19e iuw ûnderbrocht .
Boarnen, noaten en/as referinsjes: