Karel de Ienfâldige
| Karel de Ienfâldige | ||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Libben | ||||||||
|
||||||||
| houlik | ||||||||
|
||||||||
| houlik | ||||||||
|
||||||||
| Kening fan West-Frânsje | ||||||||
|
||||||||
| Kening fan Loataringen | ||||||||
|
||||||||
| Karolingen |

Karel III de Ienfâldige (Latyn: Carolus Simplex, 17 septimber 879 - Péronne, 7 oktober 929) wie de kening fan West-Frânsje fan 898 oant 922 en de kening fan Loataringen fan 911 oant 923. Hy wie lid fan de dynasty fan de Karolingen.
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel wie de tredde en de postume soan fan kening Loadewyk de Stammerder fan West-Frânsje, en syn twadde frou Adelheid fan Parys. As bern waard Karel behindere op 'e troan te kommen doe't syn healbroer, kening Karloman II, yn 884 ferstoar. Ynstee fregen de Frankyske eallju syn neef, keizer Karel de Grouwe, en nim de kroan op him. Ek dêrnei waard er behindere de opfolger te wurden fan de net populêre Karel de Grouwe, dy't yn novimber 887 ôfset waard en yn jannewaris 888 ferstoar. De adel keas lykwols foar Odo, de held fan it Belis fan Parys (885-886), ta nije kening. De jonge Karel waard ûnder beskerming pleatst fan Ranulf II, de hartoch fan Akwitaanje, dy't mooglik besocht hat de troan foar him op te easkjen om lang om let sels de keninklike titel te brûken oant er frede mei Odo sleat.
Kening fan West-Frânsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 893 waard Karel yn 'e âldens fan 14 jier, kroane yn 'e katedraal fan Reims, troch in nust eallju dy't harren tsjin Odo fersette. Net earder nei de dea fan Odo yn 898 waard er kening fan West-Frânsje.
Yn 911 belegeren Wytsings ûnder lieding fan Rollo Parys en Chartres. Nei in oerwinning by Chartres op 26 augustus, besleat Karel te ûnderhanneljen mei Rollo, dat ta it Ferdrach fan Saint-Clair-sur-Epte late, dêr't it Hartochdom Normandje by stifte waard. Yn ruil foar de trou fan de Wytsings krigen se al it grûn tusken de rivier de Epte en de see tawiisd, lykas it Hartochdom Bretanje, dat op dat stuit in ûnôfhinklik lân wie dat West-Frânsje om 'e nocht besocht hat te oermasterjen. Rollo stimde dêr ek mei ta en lit him dope en boaskje karel syn dochter Gisela.
Kening fan Loataringen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 911 stoar de lêste Karolingyske kening fan East-Frânsje, Loadewyk it Bern, en de eallju fan Loataringen, dy't him trou bleaun wiene, rôpen hja ûnder lieding fan Reinier, hartoch fan Loataringen, Karel út ta har nije kening, dêr't se har fan East-Frânsje mei ôfskaten, dat de net-Karolingyske Koenraad I ta nije kening keazen hiene. Karel hat jierrenlang besocht de stipe fan Loataringen te krijen, bygelyks troch yn april 907 te boaskjen mei de Loataringske Frederuna. Karel ferdigene Loataringen tsjin twa oanfallen fan Koenraad I. Yn 925 waard Loataringen fannijs ferovere troch de Eastfranken.
Opstân fan de fazallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keninginne Frederuna ferstoar op 10 febrewaris 917 en liet seis dochters, mar gjin soannen nei, dêr't der ûnwissigens troch ûntstie oer de troanopfolging. Op 7 oktober 919 boaske Karel Hedwig fan Wesseks, de dochter fan Eduard de Aldere, kening fan Ingelân, dy't him in soan joech, de takomstige kening Loadewyk IV.
Yn dy snuorje joech Karel de bûtenwenstige foarkar oan Haganon, in legere ealman (mediocris) en in famyljelid fan Karel syn earste frou Frederuna, en dêr jage er de aristokrasy mei tsjin him yn it harnas. Hy skonk Haganon kleasters dy't al yn it besit fan oare eallju wiene. Yn Loataringen makke er de nije hartoch Gilbert him ta fijân, dy't yn 919 de kant fan kening Hindrik de Fûgelder fan East-Frânsje keas.
De eallju, dy't skjin harren nocht fan it belied, en benammen syn befoardieljen fan greve Hagano, hiene, namen Karel yn 920 finzen. Nei ûnderhannelings troch aartsbiskop Heriveüs fan Reims waard de kening wer frijlitten.
Yn 922 kamen de Frankyske eallju fannijs yn opstân ûnder lieding fan Robert fan Neustrje. Robert, de broer fan Odo, waard troch de opstannelingen ta tsjinkening keazen en kroand, wylst Karel nei Loataringen ta flechtsje moast, dêr't er in leger byinoar sammele. It skinken fan guod op 15 juny 922 by Egmond oan de Fryske greve Durk I moat yn dat ljocht sjoen wurde. Op 2 july 922 ferlear Karel syn meast trouwe meistanner, aartsbiskop Heriveüs fan Reims. Karel kearde yn 923 werom mei in Normandysk leger, mar waard op 15 juny ferslein yn de Slach by Soissons troch Robert dy't yn de striid omkaam. Karel waard finzennommen en opsletten yn in kastiel yn Péronne. Karel syn frou Hedwig flechte mei har soan nei Ingelân. Robert syn skoansoan Rudolf fan Boergonje waard dêrnei keazen om him as kening op te folgjen.
Karel ferstoar yn 'e finzennis op 7 oktober 929 en waard begroeven yn de abdij fan Saint-Fursy. Syn soan, mei Hedwig fan Wesseks, soe letter, yn 936 kroand wurde as kening Loadewyk IV fan West-Frânsje.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel boaske yn maaie 907 mei Frederuna, dochter fan Diderik fan Ringelheim. Mei har hie er seis dochters:
- Ermentrude
- Frederuna
- Adelheid
- Gisela, froeu fan Rollo
- Rotrude
- Hildegarde
Karel boaske foar de twadde kear yn 919 mei Hedwig fan Wesseks. Hja hiene mei-inoar ien soan:
- Loadewyk IV of Frankryk (10 septimber 920 – 10 septimber 954), de letter kening fan West-Frânsje
Karel hei ek ferskate bern út bûtenechtlike relaasjes:
- Arnulf
- Drogo
- Roriko († 976), biskop fan Laon
- Alpais, boaske Erlebold, greve fan Lommegau.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|