Koartfinmakrielhaai
| koartfinmakrielhaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Isurus oxyrinchus | ||||||||||||
| Rafinesque, 1810 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De koartfinmakrielhaai (wittenskiplike namme: Isurus oxyrinchus), ek wol koartfinmakohaai neamd, is in rôffisk út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e echte makrielhaaien (Isurus). Dizze haai hat in wrâldwide fersprieding yn 'e waarme en tuskenbeiden seeën en kin in lingte fan mear as 4 m berikke. It is de fluchste fan alle haaien, dy't op koarte eintsjes in faasje fan 74 km/h berikke kin. Oanfallen fan koartfinmakrielhaaien op minsken binne seldsum en ornaris útlokke. De IUCN klassifisearret de koartfinmakrielhaai as bedrige.
Taksonomy en namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartfinmakrielhaai waard yn 1810 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Constantine Samuel Rafinesque. Fan 'e wittenskiplike namme Isurus oxyrinchus betsjut de skaainamme Isurus "gelikense sturt", wylst de soartnamme oxyrinchus "puntsnút" betsjut. De oantsjutting 'koartfinmakrielhaai' ferwiist nei de boarstfinnen fan dizze fisk, dy't in stik koarter binne as dy fan syn neiste sibbe, de langfinmakrielhaai (Isurus paucus). De namme 'koartfinmakohaai', dy't men út en troch ek wol heart, komt fan 'e Ingelske term shortfin mako of shortfin mako shark. It wurd mako (meartal gelyk oan it inkeltal) is ek yn it Ingelsk in lienwurd en wol út it Maoary, de taal fan 'e lânseigen befolking fan Nij-Seelân.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartfinmakrielhaai hat in wrâldwide fersprieding yn 'e waarme en tuskenbeiden seeën, en komt sadwaande foar yn 'e trije grutte oseänen en teffens yn grutte râneseeën as de Middellânske See, de Reade See, de Karibyske See, de Golf fan Meksiko, de Golf fan Kalifornje, de Eastsineeske See, de Súdsineeske See en de seeën tusken de eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel.

Yn 'e Stille Oseaan rint de súdgrins fan 'e fersprieding fan 'e koartfinmakrielhaai by de súdkusten fan Austraalje en Tasmaanje en by de súd- en eastkust fan Nij-Seelân lâns om úteinlik rûchwei healwei de westkust fan Sily by Súd-Amearika út te kommen. De noardgrins rint fan it Kustterritoarium yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje by de suderein fan it Russyske eilân Sachalin en it Japanske eilân Hokkaido lâns en dêrwei mei in nei it suden ta yndûkte bôge nei Vancouvereilân en de Salisjaanske See foar de súdwestkust fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De koartfinmakrielhaai ûntbrekt yn it omskreaune gebiet lykwols yn 'e Arafuerasee en de Golf fan Carpentaria tusken Austraalje en Nij-Guineä yn, en teffens yn it sintrale diel fan 'e Japanske See tusken Japan, it Koreaanske Skiereilân en it Russyske Fiere Easten yn.
Yn 'e Yndyske Oseaan libbet er yn 'e wetters benoarden in tinkbyldige line fan 'e súdwestpunt fan Austraalje nei Kaap de Goede Hoop oan 'e súdwestpunt fan Afrika. Ta dat gebiet kin ek de Reade See rekkene wurde. Allinnich yn 'e Perzyske Golf komt dizze haai net foar.
Yn 'e Atlantyske Oseaan wurdt it ferspriedingsgebiet fan 'e koartfinmakrielhaai yn it suden ôffrede troch in tinkbyldige line fan Kaap de Goede Hoop oan 'e súdpunt fan Afrika nei de eastkust fan Súd-Amearika justjes benoarden de noardgrins fan Oerûguay. Yn it noarden rint de grins fan 'e fersprieding fan Cape Cod yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts yn 'e rjochting fan Galysje yn it noardwesten fan it Ibearysk Skiereilân, mar relatyf deunby Jeropa draait de grins ynienen nei it noarden ta om ek de Golf fan Biskaje, de Keltyske See, de Ierske See, de Skotske See, It Kanaal, de westlike râne fan 'e Noardsee en de oare seeën om 'e Britske Eilannen hinne te omfetsjen. Yn 'e Noarske See, foar de kust fan súdwestlik Noarwegen, bestiet in isolearre populaasje.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartfinmakrielhaai is in frij grutte haai, wêrfan't folwoeksen eksimplaren trochinoar in lingte hawwe fan 2.50–3.20 m. It gewicht bedraacht ornaris 60–140 kg. Dizze soarte hat in beskate mjitte fan seksuele dimorfy, dy't ta utering komt yn it feit dat de wyfkes yn 'e regel grutter binne as de mantsjes. Der binne inkele dokumintearre gefallen fan grutte folwoeksen wyfkes dy't mear as 3.80 m lang wiene en boppe de 550 kg weagen. De langste koartfinmakrielhaai dy't ea fongen (en metten) waard, wie yn 1973 in wyfke fan 4.45 m út 'e Middellânske See foar de súdkust fan Frankryk. It swierste dokumintearre eksimplaar, yn 2013 ôfkomstich út 'e Stille Oseaan foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, weage 600 kg.
Der binne ek minder goed dokumintearre gefallen fan noch gruttere en/of swierdere eksimplaren. Yn 1881 soe in koartfinmakrielhaai dy't foar de kust fan Itaalje fongen wie, op in fiskmerk 4 m metten hawwe mei in ûnwierskynlik gewicht fan in ton (1.000 kg). In oare haai dy't yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren foar de kust fan Turkije fongen waard, soe 5.70–6.19 m lang west hawwe. Mar dy lingte waard letter rûsd oan 'e hân fan foto's ynstee dat de fisk sels opmetten wie, en dêr moat men jin sawdwaande net tefolle op ferlitte.
Koartfinmakrielhaaien binne silinderfoarmich, wêrby't de beide úteinen fan 'e silinder nei in punt ta rinne wylst de midden fierwei it groust is. Krekt as oare haaien beskikt dizze soarte oer grutte, útsteande finnen: twa boarstfinnen en in rêchfin, wylst de sturt fertikaal ferlinge is ta twa mânske sturtfinnen. De earsfin is folle lytser. De koartfinmakrielhaai liket wat dat oangiet sterk op syn neiste libbene sibbe, de langfinmakrielhaai (Isurus paucus), mei it ferskil dat de langfinmakrielhaai, sa't de namme al oanjout, boarstfinnen hat dy't oansjenlik langer binne.

Wat kleur oangiet, lit de koartfinmakrielhaai tsjinkleuring sjen: de boppeste helte fan it lichem is skitterjend metaaleftich blau, wylst de ûnderste lichemshelte wyt is. Op 'e siden, de kiuwen en boppe de bek geane dy beide kleuren floeiend yninoar oer. De ûnderste sturtfin is, oars as de rest fan 'e ûnderste lichemshelte, blau. It giet hjirby om in skutkleur: troch de tsjinkleuring wurdt de koartfinmakrielhaai fan boppen ôf sjoen wei tsjin 'e dûnkere djipte fan 'e see, en fan ûnderen ôf krekt-en-gelyk tsjin it ljocht fan it wetteroerflak.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartfinmakrielhaai bewennet de tropyske en tuskenbeiden seeën fan 'e wrâld. It is in seegeande soarte, dy't ornaris fier fan 'e kust ôf yn 'e pelagyske sône ferbliuwt. By baaien of eilannen is dat soms oars, benammen as it wetter dêr djip is. Koartfinmakrielhaaien libje fan it wetteroerflak oant op in djipte fan 150 m, en binne mar komselden waarnommen yn wetters dy't kâlder wiene as 16 °C.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartfinmakrielhaai hat de namme de fluchste haai yn 'e see te wêzen. Langere einen kin er mei in faasje fan 50 km/h swimme, wylst er koarte spurts meitsje kin fan oant 74 km/h. Dizze haai reizget omfierrens op 'e siik nei iten en fuortplantingspartners. Yn desimber 1998 waard troch de bemanning fan in Japansk ûndersykskip in wyfke yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan fongen, dy't in merkje hie dat bewiisde dat se earder foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje fongen wie. De ôfstân tusken dy beide plakken bedroech 2.776 km. Fan in oar eksimplaar is bekend dat it yn 37 dagen in ôfstân fan 2.128 km ôflei, wat delkomt op in gemiddelde fan 58 km deis.
As se tyldriftich is, past it wyfke fan 'e koartfinmakrielhaai faak in strategy fan polyandry ta troch mei ferskate mantsjes te pearjen. Dat resultearret yn in sitewaasje fan mearfâldige heitesteat, wêrby't de jongen út deselde kloft ferskillende heiten hawwe. De draachtiid duorret 15–18 moannen. Koartfinmakrielhaaien binne ovofivipaar; dat wol sizze dat de aaien útkomme yn it limoer fan 'e memmehaai en dat de jongen letter libben berne wurde. De har ûntjaande embryo's fiede harsels dêr mei ûnbefruchte aaien, in foarm fan hâlden en dragen dy't oöfagy neamd wurdt. Wier kannibalisme dogge se lykwols net oan. De befalling fynt plak oan 'e ein fan 'e winter of it begjin fan 'e maityd. Dêrby wurde 4–18 jonge haaikes berne, dy't op dat stuit elts sa'n 70 sm lang binne en fuortendaliks foar harsels soargje moatte. Nei in befalling hâlde wyfkes fan 'e koartfinmakrielhaai gauris 11/2 jier lins ear't se op 'e nij pearje. Trochinoar befalle folwoeksen wyfkes ien kear yn 'e 3 jier fan in groep jongen.
Krekt as by de measte oare haaien kin de âldens fan in koartfinmakrielhaai fêststeld wurde troch de wringen fan 'e rêchbonke troch te snijen en de groeiringen te tellen. (De wringen binne ien fan 'e mar in pear echte bonken yn it skelet fan 'e fisk, dat fierders hast hielendal út kreakbien bestiet.) Lang hearske dêrby lykwols it misferstân dat koartfinmakrielhaaien twa groeiringen yn 't jier oanmeitsje. Dêrtroch miende men dat dizze bisten mei 4–6 jier geslachtsryp wiene en in libbensferwachting hiene fan mar 11–16 jier. In baanbrekkend ûndersyk út 2006 fan Natanson et al. brocht lykwols oan it ljocht dat koartfinmakrielhaaien mar ien groeiring yn it jier oanmeitsje. Dat betsjut dat de boppeneamde parameters eins mei in faktor twa fermannichfâldige wurde moatte. It is no algemien akseptearre dat de mantsjes fan 'e koartfinmakrielhaai mei 7–9 jier geslachtryp binne en de wyfkes mei 18–21 jier. De akseptearre libbensferwachting is no maksimaal 29 jier foar mantsjes en 32 jier foar wyfkes. Troch dizze flater is by fiskerijmanagementmodellen en ekologyske risikobeoardielingsmodellen desenna lang fan 'e ferkearde gegevens útgien, wat de stân fan 'e koartfinmakrielhaai sterk beneidiele hat. Guon fan dy modellen wurde noch altyd brûkt.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koartfinmakrielhaaien frette elts dei 3% fan har lichemsgewicht en binne 11/2–2 dagen nedich om in substansjeel miel te fertarren. Se frette in protte inketfisken, mar ek bienfiskeftigen lykas makrielen, toninen, bonito's en swurdfisken. Dêrnjonken steane út en troch ek oare (lytsere) haaien, brúnfisken, seeskyldpodden en seefûgels op it menu. Ek frette se wol ies, lykas fisken dy't fongen binne yn netten of oan fiskheakken yn 'e langlinefiskerij.
De koartfinmakrielhaai jaget troch fertikaal omheech te sjitten troch it wetter en fan ûnderen ôf stikken út 'e flanken en finnen fan syn proai te biten. Dêrby wurdt er troch syn tsjinkleuring ferburgen. De proai dy't er kiest, is net ûngefaarlik, benammen de swurdfisken lykas de blauwe marlyn (Makaira nigricans) net. By de Liparyske Eilannen, foar de kust fan Sisylje, binne koartfinmakrielhaaien oantroffen dy't amputearre swurdfisksnaffels yn har kop of kiuwen sitten hiene, wat suggerearret dat swurdfisken grif ek wolris in haai deadzje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartfinmakrielhaai hat sûnt 2019 de IUCN-status fan "bedrige", nei't er yn 2007 de status "kwetsber" krigen hie, in leger nivo fan bedriigdens. De soarte is opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) bedrige bistesoarten. De reden foar de efterútgong fan 'e koartfinmakrielhaai is dat dizze soarte it slachtoffer wurden is fan sawol de sportfiskerij as de kommersjele fiskerij. Fierders komme der ek noch in oansjenlik tal koartfinmakrielhaaien om as byfangst yn netten by it fiskjen op soare fiskesoarten.

Koartfinmakrielhaaien en minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elts besykjen om in koartfinmakrielhaai yn finzenskip te hâlden is oant no (2026) ta mislearre. Sterker noch, it giet de koartfinmakrielhaai yn finzenskip fan alle haaien it minste ôf, sels noch minder as de wite haai (Carcharodon carcharias). It rekôr fan it hâlden fan in libbene koartfinmakrielhaai leit op net mear as 5 dagen (yn it New Jersey Aquarium yn 2001). De bisten swimme tsjin 'e wanden fan 'e basins oan, wegerje te iten, ferswakje tige fluch en geane dea.
Neffens de gegevens fan it International Shark Attack File (ISAF), in organisaasje dy't oanfallen fan haaien op minsken byhâldt, waarden der tusken 1980 en 2024 10 minsken oanfallen troch koartfinmakrielhaaien. Fan dy 10 gefallen hiene 3 in foar de belutsen minske deadlik ôfrin. It meastepart fan 'e oanfallen waard lykwols útlokke troch in djipseedûker dy't de haai lestich foel of trochdat de haai fêstsiet oan it angelsnoer fan in sportfisker of oan in fiskheak oan in lange fiskline yn 'e langlinefiskerij. Soms falt in koartfinmakrielhaai in spearfisker oan dy't in fisk oan syn spear hat. Dûkers dy't mei koartfinmakrielhaaien fan dwaan hân hawwe, sizze dat de haai yn it patroan fan in 8 swimt ear't er oanfalt en dêrby de bek wiid iepen hâldt.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartfinmakrielhaai is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Kreakbienfiskesoarte
- Echte makrielhaai
- Bedrige fisk
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje
- Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko
- Lânseigen fauna yn de Karibyske See
- Lânseigen fauna yn de Middellânske See
- Lânseigen fauna yn de Noardsee
- Lânseigen fauna yn de Reade See
- Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See
- Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See
- Lânseigen fauna yn de Japanske See

