Springe nei ynhâld

Linnaeusklokje

Ut Wikipedy
linnaeusklokje
taksonomy
rykplanten (Plantae)
stammeblêdplanten (Euphyllophyta)
klassebedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skiftkaarde-eftigen (Dipsacales)
famyljepapsûgers (Caprifoliaceae)
skaailinnaeusklokjes (Linnaea)
soarte
Linnaea borealis
Linnaeus, 1753
IUCN-status:

It Linnaeusklokje (Linnaea borealis; borealis = "fan it noarden") is in saneamde twillingblom (nei de bloeifoarm) neamd nei Carolus Linnaeus. It plantsje komt foar yn it noarden fan Jeropa en yn sawat alle berch-eftige gebieten yn Jeropa.

It Linnaeusklokje is in tige beskieden, kwetsber plantsje. It hat in hichte fan sa'n 10 sm, mei twa lytse blomkes op in tin stâltsje. Linnaea is een monotypysk geslacht mei linnaeusklokje as de iennige soarte yn it geslacht.

Yn Nederlân is it plantsje seldsum. It komt spoaradysk foar op de Waadeilannen.

De soarte waard troch de Nederlânske botanikus Jan Frederik Gronovius nei Carl Linnaeus neamd. Linnaeus beskreau de soarte yn syn Flora Lapponica. Linnaeus wurdt faak ôfbylde mei dizze plant yn syn hân of op syn revers.