Mogadisjû
| Mogadisjû Muqdisho مقديشو | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | Somaalje | |
| Regio | Banaadir | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.262.129 (2025)[1] | |
| Oerflak | 370 km² | |
| Befolkingsticht. | 8.816 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Stifting | 9e iuw | |
| Tiidsône | UTC+3 | |
| Simmertiid | UTC+3 | |
| Koördinaten | ||
| Kaart | ||
Mogadisjû (Somalysk: Muqdisho; Arabysk: مقديشو), ek bekend as Xamar of Hamar, is de haadstêd fan Somaalje. De stêd leit yn 'e regio Banaadir oan 'e Yndyske Oseaan. It is de grutste stêd fan it lân en in wichtich sintrum foar hannel en yndustry. De wichtichste yndustryen binne it ferwurkjen fan iten, drinken en tekstyl. Mogadisjû hat ek in ynternasjonale lofthaven en in wichtige seehaven.
Ta de histoaryske gebouwen hearre de Fakr ad-Din-moskee, boud yn 1269, en it Garesapaleis út 'e ein fan 'e 19e iuw. Yn it Garesapaleis binne hjoed-de-dei in museum en in bibleteek fêstige. De Nasjonale Universiteit fan Somaalje is ek yn Mogadisjû fêstige.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Periplus fan de Erytreyske See hiene ynwenners fan it hjoeddeiske Somaalje al yn 'e 1e iuw nei Kristus hannelskontakten mei oare folken om 'e Yndyske Oseaan hinne. Om 900 hinne kamen Arabyske moslimhannelers yn it gebiet fan it hjoeddeiske Mogadisjû oan. Troch syn geunstige lizzing ûntwikkele de stêd him ta in wichtich regionaal hannelssintrum.
Yn 'e midsiuwen ûntwikkele Mogadisjû him sterk. De Marokkaanske reizger Ibn Battuta besocht Mogadisjû yn 1331 en beskreau de stêd as in grutte en rike hannelsstêd, bekend om syn tekstyl. De stêd waard bestjoerd troch in sultan dy't sawol Somalysk as Arabysk prate.
Yn 'e 16e iuw besochten de Portegezen de stêd ûnder kontrôle te krijen, mar dat slagge net. Mogadisjû bleau in wichtich hannelssintrum oan 'e Eastafrikaanske kust.
Koloniale tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1871 kaam Mogadisjû ûnder it bewâld fan 'e sultan fan Sansibar. Yn 1892 waard de stêd oan Itaalje ferpachte, en yn 1905 kocht Itaalje de stêd. Mogadisjû waard dêrmei de haadstêd fan Italiaansk-Somalylân.
Under Italjaansk bestjoer waard de stêd fierder útwreide. Der waarden nije gebouwen boud en in spoarferbining nei Jowhar en in ferhurde dyk nei Addis Abeba oanlein.
Unôfhinklikens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1960 waard Mogadisjû de haadstêd fan it ûnôfhinklike Somaalje. Der waard yn Somaalje ynvestearre yn stedske ynfrastruktuer en Mogadisjû groeide yn dy tiid tige hurd. Oare stêden yn it lân fielden har beneftersteld no't de stêd him ûntwikkele as it dominante sintrum fan bestjoer en hannel fan it lân.
Op 15 oktober 1969 waard presidint Abdirashid Ali Shermarke by in besite oan Las Anod yn it noarden fan Somaalje troch in plysjeman deasketten. Seis dagen letter naam it leger ûnder lieding fan generaal Siad Barre yn Mogadisjû de macht oer. It parlemint waard ûntbûn en de grûnwet bûten wurking steld.
Op 18 oktober 1977 lâne in troch Palestynske terroristen kaapt Dútsk passazjiersfleantúch, in Boeing 737 fan Lufthansa, op 'e lofthaven fan Mogadisjû. In Dútske spesjale ienheid bestoarme it tastel en wist alle 82 passazjiers te befrijen. De fjouwer kapers waarden útskeakele.
Boargerkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren 1980 naam de politike en militêre ûnrêst yn Somaalje sterk ta. It bewâld fan presidint Siad Barre waard hieltyd autoritêrder en krige te krijen mei groeiend ferset fan ferskate opposysjebewegingen. Ek yn Mogadisjû naam de spanning ta.

Op 9 july 1989 waard de roomske biskop fan Mogadisjû, Salvatore Colombo, yn 'e katedraal fermoarde wylst er de misse opdroech. Wa't ferantwurdlik wie foar de moard is nea definityf fêststeld. De moard en arrestaasje fan ferskate islamityske religieuze lieders troch it rezjym laten ta grutte ûnrêst yn 'e stêd. By it delslaan fan protesten yn july 1989 kamen hûnderten minsken om. De foarfallen waarden ien fan 'e wichtige tekens dat Siad Barre de kontrôle op it lân ferlear.
Yn jannewaris 1991 waard Siad Barre út 'e macht ferdreaun en stoarte it Somalyske sintrale bestjoer yn. Dêrmei begûn in lange tiid fan boargeroarloch en striid tusken ferskillende kriichshearen en milysjes. Yn dy gaos waard de katedraal yn jannewaris 1991 plondere en yn 'e brân stutsen. Hja waard dêrnei net mear foar de earetsjinst brûkt. In grut part fan it gebou waard yn 2008 fierder fernield.
Yn 1992 griepen de Feriene Naasjes en de Feriene Steaten militêr yn, ûnder mear om humanitêre help yn it troch hongersneed en boargeroarloch troffen lân mooglik te meitsjen. De ynternasjonale oanwêzigens late lykwols ek ta konflikten mei Somalyske milysjes.

Ien fan 'e bekendste foarfallen út dizze perioade wie de Slach om Mogadisjû op 3 en 4 oktober 1993. Amerikaanske en UN-troepen fierden in operaasje út tsjin de milysje fan Mohamed Farrah Aidid. By de gefjochten waarden twa Amerikaanske helikopters delsketten, wêrnei't swiere strjitgefjochten ûntstiene. De slach koste it libben oan achttjin Amerikaanske militêren en in grut tal Somalyske striders en boargers. It barren krige ynternasjonaal bekendheid en hie grutte gefolgen foar de fierdere Amerikaanske belutsenens by Somaalje.
Nei it weromlûken fan 'e ynternasjonale troepen bleau Mogadisjû noch jierrenlang it toaniel fan striid tusken ferskillende kriichshearen en milysjes. Yn 2006 kaam de stêd foar in skoft ûnder it bewâld fan 'e Uny fan Islamityske Rjochtbanken, mar noch datselde jier waard dy troch in Etiopyske ynvaazje en troepen fan 'e federaal erkende Somalyske oerheid ferdreaun. Sûnt dy tiid is de stêd wer it sintrum fan 'e Somalyske oerheid, hoewol't Mogadisjû noch lange tiid te lijen hie ûnder geweld en oanslaggen.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Mogadisjû wenje minsken út alle Somalyske clan-famyljes. De Abgaal en Murusade binne de grutste en meast foaroansteande clans yn 'e stêd. Njonken de Somaaljers wenje der al iuwenlang ek minderheden yn Mogadisjû. Nei de komst fan 'e islam setten har yn 'e midsiuwen ûnder oaren Arabyske en Perzyske migranten yn 'e stêd nei wenjen. Troch iuwen fan houliken tusken ferskillende befolkingsgroepen, dêr't ek Bantû's ta hearden, ûntstie in eigen minderheidsgroep, de Benadiris (ek Cadcad neamd). Hja wenje benammen yn 'e âldste wiken fan Mogadisjû. Yn 'e koloniale tiid kamen dêr ek Europeanen by, foaral Italjanen.
Nei't de feiligens yn 'e stêd nei 2012 sterk ferbettere wie, kamen in soad Somaaljers út 'e diaspora werom nei Mogadisjû. Hja ynvestearren yn 'e stêd en droegen by oan 'e weropbou nei de boargeroarloch, ûnder oaren troch it opknappen fan skoallen, sikehuzen, banken en oare ynfrastruktuer.
Sûnt 2015 hawwe Mogadisjû en oare dielen fan noardlik Somaalje te krijen mei in tanimming fan flechtlingen en migranten. It giet ûnder oaren om minsken dy't weromkomme út Jemen, mar ek om Arabieren út lannen lykas Syrje.
| Jier | 1936 | 1941 | 1944 | 1947 | 1950 | 1953 | 1956 | 1959 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 50.000 | 72.000 | 72.000 | 73.000 | 55.000 | 63.000 | 75.000 | 104.332 |
| Groei | — | +44,0% | +0,0% | +1,4% | -24,7% | +14,5% | +19,0% | +39,1% |
| Jier | 1962 | 1965 | 1968 | 1972 | 1982 | 1984 | 1991 | 2017 |
| Ynwennertal | 116.222 | 171.312 | 172.700 | 230.000 | 500.000 | 570.000 | 1.100.000 | 2.425.000 |
| Groei | +11,4% | +47,4% | +0,8% | +33,2% | +117,4% | +14,0% | +93,0% | +120,5% |
- De neamde ynwennertallen kinne beynfloede wêze troch grinsferoaringen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mogadisjû leit oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan. De Shebelle ûntspringt yn sintraal Etioopje en streamt oant sa'n 30 km fan 'e kust by Mogadisjû. De rivier is wichtich foar de lânbou yn it gebiet, al falt er yn febrewaris en maart gauris drûch.
De kust fan Mogadisjû bestiet út sânstrannen en gebieten mei koraalriffen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mogadisjû hat sûnt de ferbettering fan 'e feiligens yn 2011 in sterke ekonomyske ûntwikkeling trochmakke. Fabriken waarden weriepene, nije banken en bedriuwen fêstigen har yn 'e stêd en der waard ynvestearre yn bou, ynfrastruktuer, telekommunikaasje en enerzjy.

In wichtige rol yn 'e ekonomyske ûntwikkeling spilet de Somalyske diaspora. Jild dat troch de Somalyske diaspora nei it heitelân stjoerd wurdt, foarmet in wichtige boarne fan ynkommen en foar ynvestearrings en de weropbou fan it lân. Nei 2011 kamen ek in soad Somaaljers út it bûtenlân werom nei Mogadisjû om dêr te ynvestearjen en bedriuwen op te setten.
Ek bûtenlânske ynvestearrings en ûntwikkelingshelp hawwe bydroegen oan de weropbou. Turkije hat dêrby in wichtige rol spile, ûnder mear mei ynvestearrings yn ynfrastruktuer en troch Turkse bedriuwen dy't it ynternasjonale fleanfjild en de haven fan Mogadisjû beheare.
De partikuliere sektor is tsjintwurdich in wichtige pylder fan 'e Somalyske ekonomy. Mogadisjû is it finansjele en kommersjele sintrum fan it lân, mei grutte bedriuwen op it mêd fan telekommunikaasje, finansjele tsjinsten, enerzjy en hannel. De ekonomyske groei giet noch altyd troch, al bliuwe ûnfeiligens, klimaatproblemen en de ôfhinklikens fan bûtenlânske help wichtige útdagings.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Mogadisjû binne ferskate ynstellingen foar heger ûnderwiis fêstige, wêrûnder de Universiteit fan Mogadisjû, de Nasjonale Universiteit fan Somaalje en de Benadir Universiteit.

Berne yn Mogadisjû
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ayaan Hirsi Ali (13 novimber 1969), oant maaie 2006 Nederlânsk politika (VVD)
- Yasmine Allas (1967), Nederlânsk aktrise en skriuwster
- Fatima Siad, moademodel
- Iman, supermodel
- K'naan (30 maaie 1978), Somalysk-Kanadeesk artyst
- Ilhan Omar (1981), Somalysk-Amerikaansk politika
- Mohammed Farah (23 maart 1983), Britsk-Somalysk atleet
- Abdi Nageeye (2 maart 1989), Somalysk-Nederlânsk atleet
- Yasmin Warsame, supermodel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
