Springe nei ynhâld

Sint-Servaasbasilyk

Ut Wikipedy
Sint-Servaasbasilyk
Sint-Servaasbasiliek
Lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
ProvinsjeLimburch
plakMaastricht
adresKeizer Karelplein 3
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom Roermond
patroanhilligeSint-Servaas
statusBasilica minor (sûnt 1985)
hjoeddeiske funksjeParochytsjerke, dekenaatstsjerke en beafeartstsjerke
Arsjitektuer
arsjitektPierre Cuypers (restauraasje 19e iuw)
boujier11e–12e iuw (âldere foargongers sûnt de 4e iuw)
boustylRomaansk (mei goatyske en barokke tafoegings)
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer26955
Webside
sintservaas.nl
Kaart
Sint-Servaasbasilyk (Maastricht-Sintrum)
Sint-Servaasbasilyk
Lokaasje Sint-Servaasbasilyk yn Maastricht.

De Sint-Servaasbasilyk (Nederlânsk: Sint-Servaasbasiliek) is in roomsk-katolike tsjerke oan it Vrijhof yn it sintrum fan 'e Limburchske haadstêd Maastricht. Wylst de oan 'e hillige Servatius wijde tsjerke in benammen romaansk tsjerkegebou is, is de njonkenlizzende Sint-Janstsjerke goatysk.

Plattegrûn fan 'e tsjerke mei krúsgong.

De hjoeddeiske tsjerke is nei alle gedachten de fjirde tsjerke dy't boud waard oer it grêf fan 'e hillige Servatius. Servatius wie in Armeenske misjonaris dy't biskop fan Tongeren wie en neffens de oerlevering yn 384 yn Maastricht ferstoar. In lytse kapel boppe it grêf fan 'e hillige waard om-en-de-by 570 ferfongen troch in grutte stiennen tsjerke, boud troch biskop Monulfus. Dizze tsjerke waard oan 'e ein fan 'e 7e iuw ferfongen troch in gruttere beafeartstsjerke, dy't op syn bar wer ferfongen waard troch de hjoeddeiske tsjerke. Dat hjoeddeiske gebou waard yn ferskate fazes oer in tiidrek fan mear as 100 jier boud. It skip waard boud yn 'e earste helte fan 'e 11e iuw, it dwersskip yn 'e twadde helte fan dy iuw, en it koer en it westwurk yn 'e 12e iuw.

De romaanske tsjerke waard boud yn in tiidrek wêryn't it kapittel fan Sint-Servaas nauwe bannen ûnderhold mei de keizers fan it Hillige Roomske Ryk. Dat resultearre yn in gebou dat de skaaimerken hat fan in Dútske keizertsjerke. By de ynwijing fan 'e tsjerke yn 1039 wienen keizer Hindrik III en tolve biskoppen oanwêzich. De measte midsiuwske proasten fan 'e tsjerke wienen soannen út de heechste Dútske aadlike famyljes. Ferskate fan har beklaaiden it amt fan kânselier fan it Roomsk-Dútske Ryk; op syn minst acht proasten waarden letter aartsbiskop.

It Bergportaal.

Mei it byldhoude Bergportaal oan 'e súdkant fan 'e tsjerke waard om 1180 hinne in begjin makke; it kin beskôge wurde as letromaansk of iergoatysk. Alle kapellen oan 'e sydskippen binne goatysk (14e en 15e iuw), lykas it ferwulft fan it skip en it dwersskip. Yn 1556 waard in letgoatyske spits tafoege oan it westwurk tusken de twa besteande tuorren. Yn 1770 waard it hiele westwurk bekroand mei barokke helmspitsen, ûntwurpen troch de Luikske arsjitekt Etienne Fayen.

Yn 'e rin fan 'e iuwen ûndergie it ynterieur fan 'e tsjerke in soad feroaringen. Yn 'e 17e iuw waard it goatyske doksaal mei skildere foarstellings út it libben fan Servatius ôfbrutsen. Fragminten fan dit 14e-iuwske doksaal waarden by it restauraasjewurk yn 'e jierren 1980 ûntdutsen en wurde hjoed-de-dei bewarre yn it lapidarium fan 'e tsjerke yn 'e eastlike krypt. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw wie it hiele tsjerkeynterieur wyt skildere, wienen de kleurige midsiuwske glês-yn-leadramen ferfongen troch kleurleas glês en hie de tsjerke in dúdlik barok en ljocht oansjen krige.

It noardlike dwersskip herberget in pear epitaven, wêrfan't dy foar Egidius Ruyschen yn renêssânsestyl nei alle gedachten de meast oarspronklike is. Deunby stiet de yndrukwekkende grêftombe fan 'e greve en grevinne Van den Bergh (Johannes Bossier, 1685), dy't oerbrocht is út de Dominikanertsjerke fan Maastricht. Ut dy Dominikanertsjerke stamme ek de ryk fersierde bychtstuollen fan Daniël van Vlierden (Hasselt, 1700), dy't op ferskate plakken yn 'e tsjerke te finen binne.

Yn 1797 waard it kapittel troch de Frânske revolúsjonêren opheft en waard de tsjerke troch de troepen brûkt as hynstestâl. De ynventaris fan 'e tsjerke waard ferkocht, stellen of fernield. Ek it grutste part fan 'e tsjerklike skatten ferdwûn yn 'e earste jierren fan 'e Frânske besetting. Yn 1804 waard de tsjerke weromjûn oan 'e parochy, mar it gebou wie doe in lege ruïne. It wie yn 'e tiid dêrnei dat de measte skea oanrjochte waard. De 11e-iuwske Kapel fan Sint-Maternus en de 15e-ieuwske Keningskapel (boud troch de Frânske keningen Karel VII en Loadewyk XI) wiene net mear te werstellen en moasten ôfbrutsen wurde. Om liturgyske redenen waard it nedich achte om it ferhege koar te ferleechjen, wêrfoar't de ûnderlizzende 11e-iuwske krypt opoffere waard. Yn 1846 waarden fjouwer panielen, dy't by de relikwyskryn fan Sint-Servaas (de Needkiste) hearden, ferkocht oan in antykhanneler; se kamen úteinlik foar it ljocht yn 'e Keninklike Musea foar Keunst en Skiednis yn Brussel.

De troch Cuypers oanbrochte neogoatyske spits.

Tusken 1866 en 1900 ûndergie de tsjerke grutte restauraasjes, wêrby't in part fan 'e skea dy't earder yn dy iuw oanrjochte wie, weromdraaid waard. De restauraasje stie ûnder lieding fan 'e ferneamde arsjitekt Pierre Cuypers. Yn 1955 soarge in brân derfoar dat Cuypers syn neogoatyske westwurkspits troch it dak fan 'e tsjerke foel, wat in nije, yngreven restauraasje nedich makke (1982–1991). By dizze lêste restauraasje waard Cuypers syn kleurrike ynterieurskildering foar in grut part ferwidere. Ek waarden der doe grutskalige opgravings dien yn 'e tsjerke en de oangrinzjende gebouwen, wat in skat oan ynformaasje opsmiet oer de skiednis fan 'e tsjerke en har foargongers.

Religieuze betsjutting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skryn fan Sint-Servatius.

Troch de iuwen hinne hat it grêf fan Sint-Servaas yn 'e krypt en it grutte oantal relikwyen yn 'e skatkeamer grutte klibers pylgers lutsen. Sûnt de 14e iuw (mar mooglik al earder) waard der yn gearwurking mei de tichtebylizzende Dom fan Aken en de Abdij fan Kornelimünster ienris yn 'e sân jier in beafeart organisearre, dy't tsientûzenen besikers nei de regio luts. Dizze beafeart gie troch oant 1632, doe't Maastricht nei in belis (it Belis fan Maastricht) tydlik yn hannen kaam fan 'e Steatsen. Yn 'e 19e iuw waard de beafeart nij libben ynblaasd en dy tradysje bestiet oant de dei fan hjoed.

Hjoed-de-dei is de Sint-Servaasbasilyk de haadtsjerke fan it dekenaat Maastricht, dat ûnder it bisdom Roermond falt. De tsjerke is noch jimmeroan in sintrum fan it katolisisme yn Maastricht (de oare wichtige tsjerke is de Us-Leaffrouwebasilyk). De tsjerke waard troch paus Jehannes Paulus II by syn besite yn 1985 ferheven ta basilica minor.

Keunsthistoaryske betsjutting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it hjoeddeiske gebou in mingeling fan boustilen sjen lit, wurdt de Sint-Servaastsjerke as ien fan 'e wichtichste religieuze gebouwen yn it eardere Prinsbisdom Luik beskôge. Sawol it eastlik koer as it westwurk fan 'e Maastrichtske tsjerke hawwe fan grutte ynfloed west op 'e ûntwikkeling fan 'e romaanske arsjitektuer yn 'e dellingen fan 'e Maas en de Ryn. Ferskate auteurs hawwe wiisd op 'e betsjutting fan it letromaanske byldhouwurk fan it Bergportaal foar de iere ûntwikkeling fan 'e goatyske Frânske byldhoukeunst.

Romaansk byldhouwurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawol de bûtenkant fan it eastlik koer as it ynterieur fan it westwurk fan 'e Sint-Servaas hat arsjitektoanysk byldhouwurk dat beskôge wurdt as ien fan 'e meast nijsgjirrige yn 'e Maasregio. De 34 ryk fersierde kapitelen yn it westwurk litte sênes sjen út boeken dy't goed bekend wienen by de kanunniken, lykas De Civitate Dei fan 'e hillige Augustinus en ferskate bestiaria (bisteboeken). Weromkearende tema's binne: plantaardige ornaminten, bisten, minsken dy't fjochtsje mei bisten, minsken dy't ferstrikt rekke binne yn planten, en minsken yn harren deistige dwaan. Keunsthistoarisy hawwe in nauwe bân fêststeld tusken de Maastrichtske westwurkkapitelen en dy fan it eastlik koer fan 'e Us-Leaffrou yn Maastricht, de krypt fan Rolduc, de dwerchgalerij fan 'e Marije en Klemenstsjerke yn Schwarzrheindorf (Bonn) en de Wartburg (by Eisenach).

Ek yn it westwurk fan 'e Sint-Servaas stiet in romaansk doksaal. It ûnderste rjochthoekige diel toant de Jongfaam Marije mei it Bern yn in mandorla dy't fêstholden wurdt troch twa ingels; it boppeste diel lit Kristus sjen dy't de kaaien fan 'e himel oerlanget oan Sint-Petrus en Sint-Servatius. It reliëf slút nau oan by in doksaal fan 'e Sint-Piterstsjerke fan Utert. Earne oars yn 'e tsjerke is in 12e-iuwsk timpaan te finen mei in ôfbylding fan 'e Majestas Domini, dat ûnderdiel wie fan in earder portaal. It ferwulft fan it koer toant noch resten fan muorreskilderingen, dy't de fizioenen fan Sacharja foarstelle. Dit is mooglik it iennichste oerlevere wurk fan in ea wichtige groep skilders út Maastricht en Keulen, dy't hege lof krigen fan Wolfram von Eschenbach yn syn Parzival.

It súdportaal fan 'e tsjerke (Bergportaal) hat byldhouwurk dat de oergongsperioade markearret tusken let-romaanske en iergoatyske skulptuer. It timpaan en de twa binnenste argivolten stamme út omtrint 1180 en binne romaansk fan styl; de rest fan it portaal kin as goatysk beskôge wurde en stammet út likernôch 1215.

Relykhâlder Sint-Servatius.

Sûnt de skinking fan in sulveren relikwy yn 'e foarm fan in Romeinske triomfbôge troch de biograaf fan Karel de Grutte, Einhard, omtrint 830, hat de tsjerke in soad skatten sammele. De measte dêrfan wurde hjoed-de-dei yn 'e Skatkeamer bewarre. Under de hichtepunten binne de relikwyskryn (de Needkiste) en it relikwyboarstbyld fan Sint-Servaas, de kaai, de tsjelk, de biskopsstêf en it boarstkrús fan Sint-Servaas, in grut patriarchaal krús. Fierder wurde der in soad oare relykhâlders, liturgysk reau en in wichtige kolleksje fan midsiuwsk ivoar en tekstyl útstald.

Kleastergong.

De goatyske krúsjong bestiet út trije gongen út de lette fyftjinde iuw mei yn 'e midden in kleastertún. De súdlike fleugel is gjin ûnderdiel fan 'e krúsjong; dêr steane de noardlike sydkapellen fan 'e tsjerke. De kleastergongen wurde fan 'e kleastertún troch goatyske spitsbôgeramen mei detaillearre trasearingen skaat, wêryn't ûnder oare de Frânske leelje en it Boergondyske krús te werkennen binne.

De binnentún is as in tradisjonele kleastertún oanlein mei fjouwer perken en in rûn middenpleintsje. Op dat middenpleintsje stiet in fontein, dy't ea diel útmakke fan 'e Sint-Servaasboarne op it Vrijthof.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica of Saint Servatius