Springe nei ynhâld

Fiskbuorren

Ut Wikipedy
Fiskbuorren
Einekoai noardlik fan Fiskbuorren yn 1982.
Einekoai noardlik fan Fiskbuorren yn 1982.
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Himrik Ternaard
Oar
Postkoade9145
Netnûmer0519
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Offisjele webside
Webside Ternaard

Fiskbuorren is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. It leit noardwestlik fan Ternaard, noardeastlik fan Holwert en besuden de Waadsee. Fiskbuorren leit yn de himrik fan Ternaard.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Fiskbuorren en de Lytsewei. De kearn bestiet út 21 adressen oan de Fiskbuorren en 7 oan de Lytse Wei.

Noardlik fan Fiskbuorren leit in einekoai.

De namme komt ek foar as Visch Buirt, Feskbueren en Vischbuyrt. Oant 1590 lei de delsetting noch oan de seedyk en der sille doe fiskers wenne hawwe.

Fiskbuorren is ûntstien oan de Waadsee, doe't der noch gjin bûtendyksgebiet wie (dêr't no de einekoai leit). It wie feitlik in buorren dêr't fiskers wennen, dêrfandinne de plaknamme.

Gemeentelike weryndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2019 leit Fiskbuorren yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
Aldwâld • Burdaard • Blije • Boarnwert • Boerum • Brantgum • Ealsum • Eanjum • Easternijtsjerk • Eastrum • Feankleaster • Ferwert • Foudgum • Ginnum • Hallum • Hantum • Hantumerútbuorren • Hantumhuzen • Hegebeintum • Holwert • Ie • Ingwierrum • Jannum • Jislum • Jouswier • Kollum • Kollumersweach • Lichtaard • Lytsewâld • De Lytse Jouwer • Ljussens • Marrum • Mitselwier • Moarre • Moddergat • Muntsjesyl • Nes • Nijewier • Peazens • De Pomp • Raard • Reitsum • De Skâns • Sweagerbosk • Ternaard • De Trieme • Waaksens • Wânswert • Warfstermûne • Westergeast • Wetsens • Wierum
Buorskippen:
Ald Terp • Aldwâldmersyl • Bartlehiem (foar in part) • Beintemahûs • Betterwurd • Boarnwerterhoeke • Boarnwerthuzen • Boatebuorren • Bollingwier • Brânbuorren • Bûnte Hûn • De Dellen • Dykshoarne • Dokkumer Nije Silen • Easterbeintum • Farebuorren • Fiifhuzen (Hallum) • Fiifhuzen (Ternaard) • Fiskbuorren • Fjildbuorren • Grut Midhuzen • Hallumerhoeke • Hanenburch • Hantumerhoeke • Healwei • Hústernoard • Iesumasyl • Jewier • Keatlingwier • De Kegen • Kletterbuorren • Kollumer Aldsyl • De Kolk • Krabbuorren • Leechlân • De Leechte • Lyts Midhuzen • Lytse Leard • Lytse Wier • Meddert • Mûnebuorren • Nijlân • It Paradyske • De Reidswâl • De Ryp • Sânbulten • Sânhuzen • Sibrandahûs • De Skâns • Skernehuzen • 't Skoar • Stienharst • It Stienfek • Stiem • Teard • Teyebuorren • Tergrêft (foar in part) • Ter Lune • De Tibben • Tilbuorren • Tiltsjebuorren • Trijeboerehuzen • Weardebuorren • Westerbuorren • Westernijtsjerk • Wie • De Wygeast • De Wurden
· · Berjocht bewurkje