Springe nei ynhâld

Midwolda

Ut Wikipedy
Midwolda
Aldamtster pleats oan 'e Menterneweg
Aldamtster pleats oan 'e Menterneweg
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal2.345 (1 jannewaris 2025) [1]
Oerflak4,37 km²
wêrfan lân: 4,14 km²
wêrfan wetter: 0,23 km²
Befolkingsticht.470 ynw. / km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 11' N 7° 0' E
Kaart
Midwolda (Grinslân)
Midwolda
Kaart
Aldamtster pleats oan 'e Menterneweg
Lokaasje fan Midwolda

Midwolda (Grinslânsk: Midwolle) is in doarp in de Nederlânske gemeente Aldamt yn Grinslân. Midwolda hie op 1 jannewaris 2025 2.345 ynwenners.

Oant 1990 wie Midwolda in selsstannige gemeente, mar dêrnei waard Midwolda part fan de gemeente Scheemda. Yn 2010 waard it nei in gemeentlike weryndieling part fan de nije gemeente it Aldamt. Yn it âlde gemeentehûs sit sûnt 2005 in Ingelsk teehûs.

Fierder is it doarp bekend om it lânguod Ennemaboarch en de reedridersbaan, dêr't yn strange winters maratons op natoeriis ferriden wurde.

Besuden it doarp leit it Blauwestêd-projekt, in gebiet dat mei opsetsin ûnder wetter set is en dêr't in nije wenmienskip mei 1500 wenten komme moat. Dit plan soe yn 2016 klear west hawwe moatte, mar de ferkeap fan huzen (huzebou) heakket frijwat. Guonts binne anno 2010 fan betinken dat it projekt mislearre is.

Sjoch: Herfoarme tsjerke (Midwolda) foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

It doarp hat in tsjerke út 1738 mei in ferneamd oargel fan de Dútske oargelbouwer Hinsz. Op it oargel wurde geregeldwei konserten jûn. Foar 1738 stie de tsjerke fan Midwolda benoarden fan it doarp.

De sjongster Imca Marina wenne yn Midwolda, dêr't hja as amtner fan de boargerlike stân op har pleats houlikken slette.[2] De boarch wurdt bewenne troch keunstnaresse Maya Wildevuur, dy't dêr ek har galery hat.

Berne yn Midwolda

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip
· · Berjocht bewurkje