Plechelmus
| Plechelmus | ||
| Sulveren relykskryn yn 'e Plechelmusbasilyk fan Oldenzaal | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertedatum | 7e iuw | |
| berteplak | Northumbria | |
| stjerdatum | 15 july 732 | |
| stjerplak | Sint Odiliënberg | |
| wurkpaad | ||
| berop | Misjonaris | |
| Biskop | ||
| amtsperioade | 8e iuw | |
| hillichferklearring | ||
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 15 july | |
| hillichdom | Sint-Plechelmusbasilyk (Oldenzaal) Basilyk fan de SS. Wiro, Plechelmus en Otgerus (Sint Odiliënberg) | |
| attributen | Biskopsstêf, tsjerkemodel | |
| patroan fan | Twinte, Oldenzaal | |
Plechelmus, ek wol Plechtelmus (berne yn 'e 7e iuw; ferstoarn op 15 july 732 yn Sint Odiliënberg), wie in Angelsaksyske misjonaris dy't yn 'e 8e iuw foaral yn it gebiet fan it Nederlân fan no it kristendom brocht.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plechelmus kaam út Northumbria, in Angelsaksysk keninkryk mei in Iersk-Skotske befolking, en soe in learling, faaks ek famylje, west hawwe fan biskop Aldhelm fan Sherborne. Neffens in 9e-iuwske hagiografy hat er tegearre mei de misjonarissen Otger en Wiro oan 'e Nederryn en de Maas it kristendom ferspraat. Hy wie benammen aktyf yn Gelderlân, Oerisel en Twinte, dêr't er de befolking bekearde. In rige nei him ferneamde tsjerken ferwiist dêr hjoed-de-dei noch nei. Neffens Jean Bolland ferstoar Plechelmus op 15 july 732 yn it kleaster op 'e Sint-Pitersberch (it hjoeddeiske Sint Odiliënberg) by Roermond, dêr't er ek begroeven waard. Yn 'e 10e iuw waarden de reliken fan Plechelmus troch de doetiidske biskop fan Utert plechtich opgroeven. De Keulske skiedskriuwer Aegidius Gelenius skreau yn 'e 17e iuw de stifting fan 'e Keulske tsjerke Groß St. Martin ta oan Plechelmus en syn maat Wiro.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut part fan 'e reliken dy’t oan Plechelmus tawiisd wurde, waard troch de Frankyske kening Lotarius I skonken oan 'e Utertske biskop Hungerus Frisus. De reliken moasten foar de ynfallende Wytsings yn feiligens brocht wurde. Balderik fan Utert liet se yn it iepenbier ferearje. Yn it jier 954 waarden guon fan 'e reliken (de plasse en parten fan in pear fingers) nei Oldenzaal brocht, dêr't se yn in relykhâlder bewarre wurde.
In oar part fan 'e reliken, dat yn it kleaster op de Sint-Pitersberch yn in relykskryn efterbleaun wie, kaam yn 1361 mei it konvint nei Roermond, dêr't de skryn yn in alter fan 'e Hillige Geastkapel in plak krige. Yn 'e tiid fan 'e Byldestoarm waard de skryn ferside stoppe foar de folgers fan it kalvinisme en dêrnei fergetten. Yn 1594 waard er werûntdutsen en de skryn, mei de ynskripsje "Partes Reliquiarum Ssum Wironis, Plechelmi et Odger", waard yn 1661 oerbrocht nei de Kristoffelkatedraal fan Roermond.
Op 12 maaie 1686 kaam in part fan 'e reliken yn in prosesje werom nei de restaurearre Basilyk fan de HH. Wiro, Plechelmus en Otgerus fan Sint Odiliënberg. Yn it ramt fan syn biskopsferkiezing skonk Reginaldus Cools yn 1700 in nije skryn. By de iepening fan 'e skryn op 13 maaie 1855 troch biskop Joannes Paredis waarden in pear dielen derút helle om oan 'e Plechelmustsjerke yn De Lutte te jaan. Yn 1880 wie dy skryn sa ferrotte dat de reliken yn in ienfâldige kiste oerbrocht wurde moasten.
Yn 1903 krigen de reliken yn in nije, neoromaanske skryn, makke troch de firma August Witte út Aken, lang om let harren hjoeddeiske plak yn in nis fan it haadalter.
Feestdei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dei dat Plechelmus betocht wurdt falt op 15 july.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
