Springe nei ynhâld

Wiro (hillige)

Ut Wikipedy
Wiro (hillige)
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum7e iuw
berteplakIerlân of Noardumbrje
stjerdatum710(?) of 739
stjerplak(by) Roermond
hillichferklearring
fereare trochRoomsk-Katolike Tsjerke
hillichdomBasilyk fan Sint Odiliënberg
attributenas biskop, biskopsstêf
patroan fanSint Odiliënberg

Sint-Wiro is in 8e-iuwske hillige en wurdt beskôge as ien fan 'e misjonarissen dy't yn 'e Nederlannen it evangeelje brocht.

Neffens de âldst bewarre hagiografy wie Wiro ôfkomstich út Scotia, de Romeinske namme foar Ierlân. Oare boarnen skriuwe lykwols dat Wiro út Noardumbrje kaam. Mei de pryster Plechelmus en de diaken Otger reizge Wiro nei Rome, dêr't er tegearre mei Plechelmus ta biskop wijd waard. De trije manlju soene doe meiïnoar ôfpraat ha dat hja tenei by inoar bliuwe soene.

De skryn fan 'e hillige Wiro ûnder it alter fan 'e Wirotsjerke yn Sint Odiliënberg.

Wiro preke yn it gebiet om 'e Maas en de Ryn en stifte nei't Pepyn fan Herstal (of Pepyn de Koarte) grûn beskikber stelde it Sint-Piterskleaster op 'e Mons Petri (Piterberch), it tsjintwurdige Sint Odiliënberg by Roermond. Yn dat kleaster waard Wiro ek begroeven. It kleaster ferhûze yn 1361 mei Wiro's reliken nei Roermond, dy't mei de reformaasje ferlern gyngen, mar yn 'e 16e iuw werom fûn waarden. Yn 1881 waard it grêf fan Wiro by opgravings yn it ramt fan 'e nijbou fan 'e tsjerke yn Sint-Odiliënberg op 'e nij ûntdutsen.

De feestdei fan Sint-Wiro falt op 8 maaie. Yn it ferline fierde it bisdom Roermond op 10 maaie de dei fan Wiro. Sint-Wiro wurdt ek mei oare misjonarissen op 6 novimber op it Feest fan 'e hillige Ferkundigers fan it Leauwe yn 'e Lege Lannen betocht.

Sûnt de midsiuwen waard de plasse fan Wiro yn Utert bewarre en as patroan fan it bisdom fereare. Yn Fryslân is de yn 2013 ûntwijde neogoatyske Sint-Wirotsjerke fan Easterwierrum wijd oan 'e hillige. Dêrnjonken is de tsjerke fan Sint Odiliënberg wijd oan Sint-Wiro, Sint-Plechelmus en Sint-Otger.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: