Springe nei ynhâld

Stasjon Almeare Sintrum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stasjon Almere Sintrum)
Stasjon Almeare Sintrum
station Almere Centrum
Stasjon Almeare Sintrum yn 2010
Stasjon Almeare Sintrum yn 2010
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Flevolân
Gemeente Almeare
plak Almeare
adresBusplein 16
arsjitektuer
stasjonskoadeAlm
iepening30 maaie 1987
boujier1987
arsjitektPeter Kilsdonk
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren4
spoarlineFlevoline
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Almeare Sintrum (Almeare)
Stasjon Almeare Sintrum

Stasjon Almeare Sintrum (Alm) is in stasjon oan de Flevoline it is it haadstasjon fan de stêd Almeare.

It waard yn gebrûk naam op 30 maaie 1987 mei de iepening fan de Flevoline (Weesp - Lelystêd Sintrum). It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Peter Kilsdonk en lyk as alle stasjons oan de Flevoline in fiadukstasjon. De measte stasjonsfunksjes lykas de loketten, restauraasje, winkels en fytsestalling lizze ûnder it fiadukt en binne situearre oan de brede passaazje dy't as ferlinging fan de oangrinzjende winkelstrjitte ûnder it stasjon trochrint. De perronoerkapping is krekt as dy yn Breda en Saandam útfierd yn in fakwurk en hat boppe de beide siden fan it stasjon in trochsichtige gevel dy't om samar te sizzen de reade fakwurk konstruksje teard is. Oant 1999 wie de namme fan it stasjon Almeare Sintraal.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – Grins
1800 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Meppel – Ljouwert
2400 Intercity (NS) Lelystêd Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt
2600 Intercity
(NS)
Almeare Sintrum – Amsterdam Sintraal
12600 Intercity (NS) Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Sintraal Alinne freedtenachts
32600 Nachttrein (Arriva)[1] Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport Alinne freedtenachts
4300 Sprinter (NS) Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Oostvaarders
4600 Sprinter (NS) De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal.
4900 Sprinter (NS) Utert-Sintraal – Hilfertsom – Almeare Sintrum Stoppet net op Hollandsche Rading, Hilfertsom Media Park en Bussum Súd. Rydt yn 'e betide moarn, jûns nei 20:00 en yn it wykein as 14900.
14900 Sprinter (NS) Almeare Sintrum – Hilfertsom – Utert-Sintraal Rydt allinne jûns en yn it wykein. Stoppet net op Bussum Súd en Hilfertsom Media Park. Wurdt troch de wike oerdeis riden troch searje 4900.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: