Springe nei ynhâld

Stasjon Doardt

Ut Wikipedy
Stasjon Doardt
station Dordrecht
Stasjon Doardt yn 2014
Stasjon Doardt yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Doardt
plakDoardt
adresStationsplein 1
arsjitektuer
stasjonskoadeDdr
iepening1 jannewaris 1872
boujier1870
arsjitektKarel Hendrik van Brederode
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer522309
oare ynformaasje
perrons3
perronspoaren7
spoarlineSteatsline I
Spoar fan Elst nei Doardt
24.483 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Doardt (Doardt-Sintrum)
Stasjon Doardt

Stasjon Doardt (Ddr) is it âldste spoarstasjon fan de stêd Doardt, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It op 1 jannewaris 1872 iepene stasjon leit besuden it sintrum, by de njoggentjinde-iuwske skyl. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS earste klasse, en is ien fan de twa stasjons dy't yn dizze klasse boud is, de oar is Stasjon Swol.

It stasjon leit bûten de eardere stedsmuorren fan Doardt en bûten de eardere bebouwing. Om de stêd te ferbinen mei it stasjon is in streekrjochte trochstek nei de stêd oanlein, de Johan de Wittstrjitte. Lâns dizze rûte is yn 1879 in hynstetramwei iepene nei it sintrum fan Doardt en de Merwekade, dêr 't oansluting wie op de fearboaten nei de streek. Dizze tram is yn 1919 opheft. It stasjonsgebou is yn neorenêssânsestyl oplutsen en falt op troch syn monumintale boustyl. Yn de tiid dat it stasjon boud waard, stie it op it grûngebiet fan de doetiidske gemeente Dubbeldam.

Stasjon Doardt beskikt oer trije perrons mei dêrlâns sân perronspoaren: 1 oant en mei 5, 15 en 20. De spoaren 1 oant en mei 5 wurde brûkt foar trochgeande treinen, perronspoar 15 is in kopspoar oan de eastkant, yn gebrûk foar treinen rjochting Geldermalsen en it westlike kopspoar 20 wurdt allinnich yn de moarntiid brûkt troch in Sprinter rjochting Rotterdam. Dêrneist hat Doardt noch in tal frachtspoaren. Oan 'e westkant fan it emplasemint, op 'e hichte fan de eardere Spoarweihaven, slút de stamline nei de Doardtske havens oan.

Yn 1995 is in tredde spoar rjochting Lage Zwaluwe oanlein. Dit om frachttreinen de mooglikheid te jaan om te wachtsjen bûten it stasjon sûnder reizgerstreinen te hinderjen. Ek kommende fan Geldermalsen is in ekstra spoar oanlein.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity (NS) Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Flissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd Sintrum – Almere Bûten – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt
3700 Intercity (NS) Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
21400 Intercity (NS) Rotterdam Sintraal – Doardt – Eindhoven Sintraal – Utert-Sintraal Alinne freedtenachts
5000 Sprinter (NS) De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt
5900 Sprinter (NS) Doardt – Roosendaal Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere.
6600 Sprinter (NS) Doardt – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v.
7100 Sprinter (Qbuzz) Doardt – Gorkum
7300 Sprinter (Qbuzz) Doardt – Gorkum – Geldermalsen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: