Viöl
| Viöl / Fjåål | ||
| Lokaasje gemeente Viöl (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Viöl | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.370 (31.12.2025)[1] | |
| Oerflak | 18,96 km² | |
| Befolkingsticht. | 125 ynw./km² | |
| Hichte | 22 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25884 | |
| Offisjele webside | ||
| www.vioel.de | ||
| Kaart | ||
Viöl (Noardfrysk: Fjåål; Deensk: Fjolde) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Viöl en hat 2.370 ynwenners (2025).
Njonken it haadplak Viöl lizze ek de doarpen Boxlund (Noardfrysk: Bokshel), Eckstock (Ewst), Hoxtrup (Hukstrop), Kragelund (Kragelst) en in oantal buorskippen yn 'e gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke fan it plak waard om 1100 hinne as wartsjerke boud op in geast. Hjoed-de-dei is lykwols allinnich it portaal noch yn oarspronklike steat bewarre bleaun. It hjoeddeiske bakstiennen gebou stammet foar it grutste part út de tiid om 1200 hinne en de westtoer waard yn 1450 boud.
Yn it jier 1713, yn 'e Grutte Noardske Oarloch, late tsaar Peter de Grutte syn troepen persoanlik en kaam dêrby ek troch Viöl, dêr't er mei de tsarina yn 'e pastorij oernachte.
Yn it jier 1750 waard oan 'e Arlau, westlik fan 'e hjoeddeistige B 200, in wettermûne boud. De wynmûne, dy't oant 1951 yn bedriuw wie, stie sûnt 1870 oan 'e lânwei Husum-Flensburg. Yn 2006 waard de mûne ôfbrutsen, om't it gebou yn ferfal rekke wie en net mear brûkt wurde koe.
Oant likernôch 1900 hinne waard it plak noch troch heide en greiden omfieme, mar mei de oanlis fan it spoar fan Husum nei Bredstedt en Flensburg groeide it fluch. Fanwegen it tanimmende autoferkear waard dat spoartrajekt Husum-Flensburg yn 1959 opheft.
By de Ryksdeiferkiezings fan 1933 hie Viöl fan alle gemeenten yn it Dútske Ryk mei 93,1% de heechste útslach foar de NSDAP.
Op 1 desimber 1934 waard Viöl mei de buorgemeenten Boxlund en Eckstock gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Viöl. Yn 'e jierren nei de Twadde Wrâldkriich groeide it plak benammen troch de komst fan Heimatvertriebene. Ek ferlear it plak troch de groei syn oarspronklik agraryske karakter. Op 1 july 1976 waarden de oant dan selsstannige gemeenten Hochviöl en Hoxtrup by de gemeente Viöl weryndield.
Madonna fan Viöl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it oprûmjen fan 'e souder fan 'e tsjerke fan Viöl waard yn 1900 de saneamde Madonna fan Viöl fûn, in byld fan in sittende Madonna mei Bern. De madonna waard makke troch in keunstner mei kunde fan 'e Noardfrânske goatyske keunst yn 'e midden fan 'e 13e iuw. Yn 1901 wist it stedsmuseum fan Flensburg de Madonna te krijen, dy't der no útstald wurdt. De tsjerke sels hat no in kopy út de jierren 1980, dy't yn in nis fan 'e muorre fan it koer stiet. De Madonna fan Viöl is al wat skeind: de kroan mist stikken de rjochterhân ûntbrekt, wylst it bern beide hantsjes mist en der sitte skuorren yn it hout.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
